daamdevries.bsky.social
@daamdevries.bsky.social
Teiwaar!

Dat betsjut dat jim no wer 130 jakkerje kinne dêr't 30 tastien is.
February 4, 2026 at 12:08 PM
Wy moatte it mear as ûnrealistysk gejammer fan de klimaatûntkenners fan de lêste dagen noch in dei as 24 oanhearre. Dêrnei is dat hoopje ik ek wer oer mar sille se noch hieltyd gjin ferstân yn 'e harsens krigen ha.
February 2, 2026 at 4:13 PM
February 1, 2026 at 3:41 PM
Mar fan de Fryske Trumpiaantsjes en oare gekken en dwazen moasten en moatte wy der fan út gean dat alles mar dan ek echt alles Hamaspropaganda is, wie en bliuwe sil. En dy 5 kij mei antystoffen tsjin fûgelgryp binne dat dus ek.
January 29, 2026 at 8:02 PM
Helder. Topkriminelen krije 2 miljard fan oare topkriminelen om in fraksje fan de rotsoai dy't se meitsje nei it bûtenlân te ferpleatsen. Krekt as soene dêr gjin minsken tahâlde dy't dea gean kinne.
January 29, 2026 at 11:35 AM
Jo soene fansels ek fêststelle en opskriuwe kinne dat wy hjir yn it noarden gewoan wat minder krimmenearje as it folk yn oare parten fan it lân. Dat hat mei begripen gjin sek te krijen.
January 29, 2026 at 9:52 AM
Ut it boekje "Teksten foar de opinymakker by it foarmjen fan in nij kabinet".
January 28, 2026 at 9:51 AM
It sil it opspyljen fan de oanstelleritus wêze...
January 27, 2026 at 4:38 PM
Yn dat gefal sil Europa Kanada tink ik wol helpe troch 100% ymportheffing yn te fieren op brot út Amearika? Of net?
January 24, 2026 at 7:48 PM
It oanbringen fan al dy útsûnderingen betsjut neat oars as dat folslein akseptearre is dat Nederlanners de transysje fan boargers nei hufters mear as stal jûn hawwe en dêr ek wakker tefreden oer binne. Ik net.
January 24, 2026 at 12:45 PM
It like my ferstannich dit efkes yn in plaatsje fêst te lizzen want sokke letters wolle by feroarjende winen of oare omstannichheden wolris foar de moade hawwe fuort te draven en dan kinne wy se wer fange.
January 23, 2026 at 6:58 PM
Hoe moatte wy sa'n kaartsje lêze? Der binne rûchwei sa'n 660.000 Friezen. Dan binne der 6.6x23.5=155 mei Parkinson?

Mar lanlik binne der miende ik sa'n 65.000 lies ik earne.

Oft de berjochten net dúdliker wurde dan ha wy der hielendal neat oan.
January 22, 2026 at 8:11 PM
Der is allinnich in mûnlinge ôfspraak dat se sizze sille dat der in ôfspraak is. Tusken in sa goed as senile idioat út Amearika en in dwaas sûnder aktive oantinkens út Nederlân. Mar dat meie wy sa net sizze fan Brekelmans. Want dy is fan deselde klub.
January 22, 2026 at 7:06 PM
Sokke (sub)koppen yn De T. binne allegearre moai en aardich mar wa hat de winkels de doarpen eins earst útjage om te kommen wêr't wy no binne? Neffens myn beskieden ynskatting it folk dat no wakker PVV, FvD, BBB en sokke klubs oanhinget. De skriemers.
January 22, 2026 at 11:49 AM
Under it motto 'It doel hilliget de middels' sille ús bern dus opskipe wurde mei AI-kluchten. Dêrmei wurdt harren tagelyk bybrocht – de Omrop alhiel eigen – dat Friezen mei prinsipes ûnrant binne en ferdylge wurde moatte.
January 21, 2026 at 9:48 AM
Jo moatte altyd goed lêze wat earne stiet. Yn dit berjocht stiet dus: Moarn mar ris wer yn it waar sjen.

Dêrby: Rob Jetten hat al sein dat it de minsten net binne dat mei har der by ha jo ynienen in mearderheidskabinet.
January 20, 2026 at 4:11 PM
Ien fan de grutste rampen fan dit millennium is oer ús kommen. Middenmank alle leed stel ik fêst dat it no net daliks in sjoernalistike topprestaasje is dat op it rampeplakje fan dit op en top sjoernalistike bedriuw net stiet hokker brânwachtkorpsen hjir allegearre wol net op ta west ha.
January 20, 2026 at 10:44 AM
It sil it minderheidskabaret wol min nei't sin wêze mar der binne dochs op syn minst twa partijen dy't it skerp sjogge en dat ek doare te sizzen.
January 14, 2026 at 5:35 PM
De oerheid is ymmún. Dat moatte wy as boarger fansels begripe. Ik wit net, hear. Ik leau dat ik diktatueren wit dêr't it der in stik earliker om en ta giet as yn dat goare kapitalistyske kutlân dat wy sa njonkelytsen binne.
January 14, 2026 at 9:57 AM
Rutte tinkt dus noch altyd dat wy spikergek binne. Dit is ferdomme gewoan in geitepaad om it jatten fan grûnstoffen te legalisearjen en as in seine fan God te beskôgje. It is, wie en bliuwt in goare ligende kapitalistyske, arrogante, ynklauwerige hufter.
January 12, 2026 at 2:48 PM
Beskermje is wat oars as taëigenje, yn besit nimme, stelle, berôvje ensafh. Dat soe ik Trump en dy God fan him earst mar ris útlizze en goed dúdlik meitsje.
January 12, 2026 at 2:11 PM
De ûnkunde spat wer fan it skerm. En mar jammerje oer Sinezen dy't Oeigoeren ferhûddûkje.
January 12, 2026 at 11:16 AM
Dan wiene der yn 1979 tink noch gjin hagen. Ik kin der teminsten gjin rou-advertinsjes fan fine yn it argyf. Mar mooglik wie de winter doe ek lang sa horror net as no. Idioaten.
January 10, 2026 at 3:17 PM
“Bedankt voor je begrip.”?

Nee, ik ha nul begryp foar dizze flauwekul. Ha gjin pakket yn bestelling, hoech dizze ûnsin dus net. It generearret allinnich ekstra dataferkear en dat is sawat like slim as dat in ko in kear ekstra skyt.
January 9, 2026 at 9:43 AM
It binne topdagen foar de PR-masine fan de agromaffia.
January 8, 2026 at 3:43 PM